Jos Heymans
Jos Heymans | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Jos Heymans (2010) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jos Heymans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 jannewaris 1951 | |
berteplak | Skiedam | |
stoarn | 2 maart 2023 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Sjoernalist | |
wurksum by | RTL 4 | |
bekend fan | RTL Nijs | |
jierren aktyf | 1973-2016 |
Jos Heymans (Skiedam, 17 jannewaris 1951 - 2 maart 2023) wie in Nederlânsk sjoernalist. Hy wie foaral bekend as polityk ferslachjouwer fan it RTL Nijs[1].
Heymans begûn syn sjoernalistike karriêre yn 1973 by it Haachske regionale deiblêd Het Binnenhof en rekke al gau by de polityk belutsen. Yn 1976 gie er oan it wurk by de Geassocieerde Pers Diensten (GPD), ûnder oare as polityk ferslachjouwer. Fan 1 maaie 1995 ôf wie Heymans aktyf as polityk ferslachjouwer foar de Haachske redaksje fan it RTL Nijs. Hy hie as portefúljes Bûtenlânske Saken, Definsje en Untwikkelingsgearwurking. Ek die er ferslach fan de ûntwikkelingen yn de Europeeske Uny en wie er de fêste ferfanger fan Frits Wester as polityk analist. Dêrneist wie Heymans foarsitter fan de Doetinmentaire Pers Vereniging (PPV) en bestjoerslid fan it ynternasjonaal parsesintrum Nieuwspoort.
Yn 2016 gie Heymans mei pensjoen, Jos Heymans ferstoar op 2 maart 2023, yn 'e âldens fan 71 jier, nei in koart siikbêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|