Springe nei ynhâld

Jornsmastate (Britsum)

Ut Wikipedy
Jornsmastate

Jornsmastate, ek Doumastate, wie in state yn Britsum, gemeente Ljouwerteradiel.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1511 as eigendom fan Hessel fan Martena, de bewenner fan Grut Terherne yn Bitgum. It goed is dan grut 8 pûnsmiet bou; 24 koeganck (kogongen = 36 pûnsmiet greide) en 30 pûnsmiet mieden (leechlizzend en dus sompige greide). By elkoar dus sa’n 25 hektare.

Yn 1523 wurdt it bewenne troch Jancko fan Douma (fan Langwar) en syn frou Maria Douwedr. fan Burmania. Oft dy eigener west hawwe is ûnwis, want nei harren is nammentlik eigener harren soan Edzardt fan Burmania, troud mei Helena Rudolfsdr. fan Bunau. Hja sil de state sa goed as wis erfd hawwe fan har âlden, Rudolf fan Bunau en Cunera fan Martena, in dochter fan Hessel fan Martena. As Edzardt fan Burmania op 31 jannewaris 1577 stjert, wertrout Helena mei Wilco fan Holdinghe (Holdinga). As Wilco ek ferstoarn is, bliuwt Helena fan Bunau eigenaresse fan Jornsmastate. Hja bewennet it hûs mei Cunera fan Douma, widdo fan Sjuck fan Burmania. Cunera is in dochter fan Laes fan Douma, soan fan earderneamde Jancko en Maria fan Burmania.

As Helena fan Bunau op 11 desimber 1613 stjert, erft Cunera fan Douma Jornsmastate mei de oangrinzjende pleats Geringastate. Cunera stjert op 13 maaie 1651 en de state wurdt eigendom fan har soan Gemme Laes fan Burmania.

  • 1511 Hessel fan Martena
  • 1523 bewenne troch Jancko fan Douma en Maria Douwedr. fan Burmania
  • Helena Rudolfsdr. fan Bunau
  • 1613 Cunera fan Douma
  • 1651 Gemme Laes fan Burmania
  • 1671 Foeck fan Eysinga
  • 1690 Sjuck Tjaerdt fan Burmania
  • 1729 Catharina Lucia fan Burmania
  • 1758 Julius Matthijs fan Beyma
  • 1760 hûs wurdt op ôfbraak ferkocht
  • 1794 H.J. Bruinsma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: