Joost Cornelisz. Droochsloot

Ut Wikipedy
Selsportret
Joost Cornelisz. Droochsloot, Doarpsstrjitte (1654)

Joost Cornelisz. Droochsloot, ek wol skreaun as Droogsloot (Utert, 1585 of 1586 - Utert, 1666) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Fan Droochsloots jonkheid is neat bekend. Hy wurdt foar it earst neamd doe't er talitten waard by it Sint-Lucasgilde yn Utert yn 1616. Hy wie deken fan it gilde tusken 1623 en 1624. Oant syn dea ta arbeide er yn Utert.

Droochslot waard beynfloede troch sawol Pieter Brueghel de Alde as de Jonge, mar ek troch David Vinckboons. Syn iere wurk bestiet út grutte histoarjestikken, mar letter gie er oer op lytsskalige ofbyldings fan aktuele barrens en boeresênes. Hy fersette in soad wurk. Oarspronklik ûndertekene er allinnich mei Joost Cornelisz, mar letter heakke er der Droogsloot oan ta. Jacob Duck wie in learling fan him. Syn soan Cornelius Droochsloot wie ek keunstskilder.