Springe nei ynhâld

Jongeman-Dy't-Bang-Is-fan-Syn-Hynders

Ut Wikipedy
Jongeman-Dy't-Bang-Is-fan-Syn-Hynders
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tȟašúŋke Kȟokípȟapi
oare namme Young-Man-Afraid-of-His-
   Horses
berne 1836
berteplak ?
stoarn 1900
stjerplak yn it Pine Ridge Reservaat
(Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf ±18601900

Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders (Lakota: Tȟašúŋke Kȟokípȟapi, útspr.: [tˣa'ʃũ:ke kˣo'ki:pˣapi]; tradisjonele Ingelske oersetting: Young-Man-Afraid-of-His-Horses; 18361900), wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is bekend wurden om syn dielname oan 'e Oarloch fan Reade Wolk, yn 'e 1860-er jierren, en om't er nei it Bloedbad fan Wounded Knee as midsman tsjinne tusken de Lakota en de Amerikaanske oerheid.

De namme fan Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders wurdt ek wol oerset as Syn-Hynders-Binne-Bang (His-Horses-Are-Afraid), mar de korrekte fertaling soe eins wêze moatte Hja-Freezje-Syn-Hynder (They-Fear-His-Horse) of Syn-Hynder-Wurdt-Freze (His-Horse-Is-Feared), wat betsjutte soe dat er sa'n duchtige kriger wie dat op it slachfjild allinnich de oanblik fan syn ryddier ûnder syn fijannen al panyk feroarsake.

Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders, yn 1890.

Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders waard berne yn 1836, as de soan fan opperhaad Aldman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders (1800-1889) en de pakesizzer fan Ald Opperhaad Smook (1774-1864). Yn 1866 joech er him by syn omke, Reade Wolk, doe't dy him yn 'e saneamde Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) oankante tsjin 'e kolonisaasje troch de Amerikanen fan 'e jachtgrûnen fan 'e Lakota yn 'e krite fan 'e rivier de Powder, yn noardeastlik Wyoming en súdlik Montana.

Nei't yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie sletten wie, wêrby't oan 'e Lakota it Grutte Sû Reservaat tawiisd wie, sette Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders him nei wenjen yn it diel dêrfan dat yn 1889 it Pine Ridge Yndianereservaat wurde soe. Dêr tsjinne er fan 1883 ôf as de earste foarsitter fan 'e Yndianeried fan Pine Ridge. Hy soe eins syn pake en heit opfolgje moatten hawwe as ien fan 'e wichtichste erflike opperhaden fan 'e Oglala-Lakota, mar syn omke Reade Wolk stie yn sa'n heech oansjen dat nei de dea fan Aldman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders, yn 1889, it erflik opperhaadskip yn Reade Wolk syn tûke fan 'e famylje bedarre.

Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders wie in grut foarstanner fan goede bannen mei de Amerikaanske oerheid, en hy wie lid fan ferskate Lakota-delegaasjes dy't alhiel nei it fiere Washington, D.C. reizgen om dêr in bettere behanneling fan 'e Yndianen ôf te twingen. Teffens sette er him nei it kwea ferneamde Bloedbad fan Wounded Knee as midsman yn om 'e troch dat barren yn 'e knipe rekke relaasjes tusken de Amerikanen en de Lakota wer op te betterjen. Dêrby holp er syn folk om 'e maatskiplik drege oergong te meitsjen fan in nomadysk jagersbestean op 'e iepen flakten nei in sedintêr libben yn 'e reservaten. Hy ferstoar yn 1900 op 'e âldens fan 64 jier yn it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, en leit dêr begroeven op it Makansan Presbyteriaanske Begraafplak by it plak Oglala.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.