John Speed
John Speed (Farnham (Cheshire), 1551/1542 - Londen, 28 july 1629) wie in Ingelske histoarikus en kartograaf.
Yn 1582 sette er him nei wenjen en wurkjen yn Londen. Troch syn kennis fan skiednis rekke er bekend yn wittenskiplike rûnten. Hy gie by it Antikwarysk Genoatskip, dêr't er oantrúnd waard om histoarysk ûndersyk te dwaan. Dat koe er dwaan troch stipe fan Sir Fulke Greville. Fierders hie er in lyts baantsje by it dûanekantoar, sa koe er troch de tiid komme en ek noch ûndersyk dwaan.
Yn 1607 sette er útein mei in rige kaarten fan Ingelske greefskippen en stêden; it soe syn ferneamste wurk wurde. Oantrúne troch ûnder oaren William Camden begûn er ek oan syn Historie of Great Britaine, útjûn yn 1611. Syn kartografysk wurk wurdt lykwols heger achte.
Syn atlas The Theatre of the Empire of Great Britaine ferskynde ek yn 1611. It hie kaarten fan greefskippen yn Ingelân en Wales en in tal kaarten fan Ierlân en ien fan Skotlân, faak mei fersierde stedsplattegrûnen. In grut part fan de kaarten liet er yn Amsterdam gravearje yn it atelier fan syn freon Jodocus Hondius.
John Speed waard beïerdige yn de tsjerke St Giles-without-Cripplegate yn de London-city.
In werútjefte fan syn atlas ferskynde yn 1953-1954 mei de titel John Speed's England. A Coloured Facsimile of the Maps and Text. Printen fan syn kaarten wol men noch graach hawwe, fral om op te hingjen.
-
Oantinken John Speed, St Giles-without-Cripplegate
-
Kaart fan Oxford út 1605
-
John Speed syn kaart fan Cardiff yn 1610
-
John Speed syn kaart fan Carmarthen, 1610.
-
John Speed syn 17e iuwske kaart fan Northamptonshire
-
Kaart fan Dublin 1610 - in werprintinge fan 1896
-
Kaart fan Jamaika, 1676