Springe nei ynhâld

Jan fan Bruce

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan John Bruce (soan fan Robert I))
Jan fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 5 maart 1324
berteplak Dunfermline (Skotlân)
stjerdatum oktober 1327
stjerplak Dunfermline (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Skotsk
Iersk
Ingelsk
Normandysk

Jan fan Bruce (Ingelsk: John Bruce; Normandysk-Frânsk: Jean de Brus; Dunfermline, 5 maart 1324 – dêre, oktober 1327) wie in prins fan Skotlân. Hy wie de soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh.

Jan kaam yn 1324 te wrâld yn it yn it Paleis fan Dunfermline, yn Fife, as it twadde jonkje fan in twilling. Syn âldere broer, dy't op deselde dei berne waard, wie de lettere kening David II fan Skotlân. Dêrnjonken hied er twa âldere folle susters, Matilda (Maud) en Margareta en in âldere healsuster, Marjorie. Jan waard mar trije jier en kaam yn oktober 1327 te ferstjerren yn it Paleis fan Dunfermline.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: