Johansmastins
Appearance
De Johansmastins wie in stins yn de stêd Snits.
Oer de lizzing fan de stins is net folle bekend. Inkele skiedskriuwers smite it derop dat de stins net fier fan Goaiïngea lei. Se basearje dit op it feit dat t pân neamd wurdt yn in skeel tusken Rienck Bockema en it Johanniterkleaster. Hjirby soe it hearskip fan Goaiïngea, Feccka Sickinga, nammens Bockema sprutsen hawwe.
Oaren, wêrûnder A. Jager (1991), neamt de binnenstêd fan Snits as lokaaasje. Spesifyk soe it hjir gean om it stienhûs dat tsjintwurdich ûnderdiel is fan de Waltastins.
Wol is seker dat it gebou in saneamde donjon-toer wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |