Johannes Petrus Hasebroek
Appearance
Johannes Petrus Hasebroek (Leien, 6 novimber 1812 - Amsterdam, 29 maart 1896) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter en predikant. Hy brûkte ek it pseudonym Jonathan.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hasebroek wie in typysk 19e-iuwske skriuwer, dy't sawol boeken publisearre as preke, krekt sa as syn freonen Nicolaas Beets en Jan Jakob Lodewijk ten Kate. Mei oaren waarden sy de dûmny-dichters neamd, tsjin waans moralistyske gedichten de Tachtigers protestearren.
Hy gie nei it Steedlik Gymnasium yn Leien en studearre dêr teology oan de Ryksuniversiteit. Oktober 1836 waard er predikant yn Heiloo, yn 1843 te Breda, yn 1852 te Middelburch en lang om let op 12 novimber 1851 y Amsterdam. Yn 1883 gie er mei emearitaat.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Poezij. Haarlim, 1836;
- Waarheid en droomen, door Jonathan. Haarlim, 1840. (12e printinge 1905, "Ferbettere druk" 1950)
- De navolging van Christus van Thomas à Kempis (nei it Latyn). Amsterdam, 1844;
- Windekelken, gedichten. Amsterdam, 1859;
- Studiën en schetsen. Amsterdam, 1860;
- Op de bergen, 2 dln., Amsterdam, 1861;
- Nieuwe windekelken, gedichten, Amsterdam, 1864;
- De laatste kerkklokstoon. Eene stem uit Nederland bij het graf van Friedrich Strauss. Amsterdam, 1864;
- Uit den vreemde, Amsterdam, 1868;
- Dicht en ondicht, 2 dielen, Amsterdam, 1874;
- Sneeuwklokjes, poëzy. Amsterdam 1878;
- Winterbloemen, poëzy. Amsterdam, 1879;
- Leer bidden. Amsterdam, 1881;
- Na vijftig jaren. Een dichterlijk klaverblad, ter herinnering aan 1830 en 1831. Amsterdam, 1881;
- Thomas-kalender. Spreuken voor elken dag des jaars uit Thomas a Kempis Imitatio Christi. Amsterdam, 1881;
- Een nieuwe kerk in een nieuwe buurt. Amsterdam, 1882;
- Gedachtenis. Laatste leerredenen. Amsterdam, 1884;
- De Alpenhorens. Een wekstem uit Davos. Amsterdam, 1885.
Oerset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thomas a Kempis De navolging van Christus, Amsterdam 1885, en noch: Vesper. Poëzie in den avond des levens, met portr., Amsterdam, 1887, Hesperiden. Nieuwe poëzy aan den avond des levens. Amsterdam, 1888;
- Novissima Verba. Twaalftal leerredenen ten afscheid. Amsterdam, 1889.
Utjûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kerkklokstoonen van Fr. Strauss; op nieuw uitg. en aanbevolen door Jonathan. 3 dielen. Haarlim, 1842. (Ferskate werprintingen, û.o. 6e pr., Haarlim, 1896)
- De kompleete dichtwerken van Da Costa, Arnhim 1869-'72.
- Fierder: learredenen yn bondels, teolysk wurk, oersettingen, brosjueres en bydragen yn tydskriften en jierboekjes
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Ryksmuseum yn Amsterdam hat in boarstbyld fan Hasebroek, makke troch de Haachske byldhouwer Johan Keller (1863-1944).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes Petrus Hasebroek fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |