Johannes Hendrikus Zelle
Johannes Hendrikus Zelle | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Hendrikus Zelle | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 april 1907 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 11 maaie 1983 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant | |
reden bekendheid |
ûnotterdokse preken |
Johannes Hendrikus Zelle (Ljouwert, 8 april 1907 - dêre, 11 maaie 1983) wie in markante en eigensinnige grifformeard Nederlânsk predikant.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy is berne as soan fan Jacob Zelle en Antje Zelle-Brouwer. De famylje Zelle kaam oarspronklik yn 'e achttjinde iuw út Dútslân. Zelle wie hiel út 'e fierte besibbe oan Mata Hari (berne as Margaretha Geertruida Zelle).[1] Nei syn stúdzje teology oan de Frije Universiteit fan Amsterdam wurke er koarte tiid yn Fryslân, mar sûnder stânplak.
Rockanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 juny 1949 wurdt hy yn Rockanje beroppen, op 21 oktober 1949 wurdt Zelle talitten ta it amt. Nei in roerige perioade, wêryn't Zelle op 'syn eigen wize' as predikant wurket, freget hy betider emeritaat oan, per 1 april 1956 wurdt dat ynwillige. Zelle stiet dan yn Rockanje en dêrbûten bekend as in eksintrike ferskining, mei syn relatyf lange, swarte hier, sportive ynboarst, ûngewosken mieningen en felle styl fan preekjen. ls 'harder en learaar' fan de gemeente funksjonearret hy net sa't de ynwenners fan Rockanje har fan in dûmny foarsteld hiene: hy bekommert him net bot om it wol en wee fan syn kudde, de pastorije is net it waarme middelpunt fan de leauwensmienskip (Zelle hat gjin ferwaarming en in ynstallearre kachel wegeret hy te baarnen) en nei wat ûnienigens mei it tsjerkebestjoer wêrby't Zelle ek beskuldige wurdt fan eigensinnich optreden yn finansjeel opsicht (hy soe de pastorije ferhierd hawwe ten bate fan him sels), moat Zelle fuort.
Zelle is (en bliuwt) frij feint, eat dat ek opsjoch jout, ek al omdat hy sjoen wurdt as in kreaze man dy't ek genôch omtinken krijt fan it froulike diel fan syn gemeente.
Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy giet werom nei Ljouwert en lûkt yn by syn mem oan de Gysbert Japicxstrjitte 82 en giet alle dagen te swimmen nei it swimbad yn Huzum. Zelle wurdt in 'preektiger', dy't gauris útnûge wurdt troch tal fan tsjerkebestjoeren yn hiel Nederlân, benammen yn it noarden. Hy komt, faak op de racefyts, nei in skriftlike ôfspraak (in telefoan hat er nea hân) te preekjen, krijt de tsjerke fol mei klip-en-kleare, konservative en âldfrinzich-yndielde preken, ynklusyf tuskengesang, wêrby't hy it ûnotterdokse yn de útfiering net mijd. Zelle boldert, sjongt, springt en boeit net allinnich dêrtroch de minsken: de tsjerken sitte trochstrings fol as Zelle komt te preekjen. Syn besites oan doarpen dêr't er komt te preekjen binne ferneamd: men wit, Zelle moat ûntfongen wurde mei in streksum oant tige streksum miel, dy't hy oant de lêste krom of skep pudding opsnasket.
Hy bliuwt in eigensinnich man, dy 't tige sober yn it memmehûs wenjen bliuwt, ek nei de dea fan syn mem, dy't ynearsten ûnder protest fan Zelle ûnder plysjebegelieding út it hûs helle wurde moat.
Zelle ferstjert as er 76 jier is. Hy wurdt fûn, sittend efter syn buro. De plysjeman dy't him fynt, Willem van der Veen, hat letter, as predikant, in bondel mei folksverhalen oer him útjûn. Dûmny Zelle wie famylje fan Margaretha Geertruida Zelle, ferneamd as Mata Hari.
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2008 fiert de Fryske teatergroep Tryater it toanielstik Zelle op yn syn eigen seal oan de Oostersingel yn Ljouwert. Dêrnei hawwe der ferskate útfieringen west yn de rest fan it lân. Freark Smink fertolke de rol fan Johannes Hendrikus Zelle.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bearn Bilker, Een tussenweg is er niet. Biografy dominee J.H. Zelle (1907-1983). Utjouwerij Noordbroek, 2024.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zelle op gw.geneanet.org
- Tsjerketsjinst mei as foargonger dûmny Johannes Hendrikus Zelle yn de grifformearde tsjerke te Oerterp. Youtube.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|