Springe nei ynhâld

Johann Samuel König

Ut Wikipedy
Johann Samuel König

Johann Samuel König (Büdingen, 31 july 1712 - Hûs Zuylenstein, Leersum, 21 augustus 1757) wie in Dútsk/Switserske wiskundige. König waard benammen bekend fan syn stelling oer de kinetyske enerzjy fan in frij bewegend foarwerp en oer it ympulsmomint fan in frij bewegend foarwerp (ned) .

Hy studearre yn Lausanne (1729) en Basel (1730) en fan 1735 oan 1737 yn Marburg ûnder superfyzje fan Christian Wolff de filosofy fan Leibniz. Dêrnei gie er werom nei Bern en yn 1738 nei Parys. Yn 1744 waard er foar tsien jier út Bern ferballe, om reden fan it tekenjen fan in polityk pamflet. König krige in oanstelling as heechlearaar wiskunde en filosofy oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer.[1] Fan 1749 oant 1751 wie er bibliotekaris fan steedhâlder Willem IV. Yn 1751 waard er lid fan de Prusyske Akademy fan Wittenskippen en ferfoer er nei Berlyn.

König wurdt benammen yn it sin brocht fanwegen syn ferskil fan miening mei Leonhard Euler oer it Prinsipe fan de minste aksje. Hy wie teffens learmaster fan Émilie du Châtelet, ien fan de pear froulike natuerkundigen fan de 18e iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: