Johan Hendrik Swildens
Appearance
Johan Hendrik Swildens (Voerendaal, 10 maart 1745 - Amsterdam, 12 septimber 1809) wie in heechlearaar steatskunde en folkerjocht. Nei syn stúdzje gie Johan yn 1774 nei it Russyske hof. Hy ferkearde mids de lieders fan de Dútske "Aufkläring" yn Berlyn en waard yn 1777 frijmitselder. Yn Amsterdam wurke Swildens sûnt 1779 foar folksûnderwiis.
Yn 1796 waard hy heechlearaar yn de natuerkunde, steatskunde en folkerjocht yn Frjentsjer. Hy hie net folle learlingen mar wie tige warber op steatkundich en maatskiplik mêd. Sa wurke hy yn 1806 mei oan de skoalwet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Nederlânsk rjochtsgelearde
- Nederlânsk bestjoerskundige
- Nederlânsk natuerkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk frijmitselder
- Frysk rjochtsgelearde
- Frysk bestjoerskundige
- Frysk natuerkundige
- Frysk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Frysk frijmitselder
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Limburchsk persoan
- Persoan berne yn 1745
- Persoan stoarn yn 1809