Underwiiswet fan 1806
Appearance
De ûnderwiiswet fan 1806 (of skoallewet fan 1806) regele fan 1806 oant 1857 it leger ûnderwiis yn Nederlân. De wet waard ferfongen troch de Underwiiswet fan 1857.
De wichtichste saken dy't yn dizze wet fêstlein waarden:
- Leararen waarden ferplichte om fan 1806 ôf klassikaal les te jaan; de âlde menier fan lesjaan, it saneamde haadlik ûnderwiis, waard ferbean.
- It ûnderwiis wie bedoeld om sawol maatskiplike as kristlike deugden te ûnderwizen.
- Nei 1806 moasten ûnderwizers it foech ta ûnderwizen hawwe. Hja moasten eksamens ôflizze om dat sjen te litten.
- Lanlike inspeksje hold tafersjoch op it neilibjen fan de nije skoalregels.
- Alden waarden ferplicht om skoaljild te beteljen. Der waard noch wol ûnderskie makke tusken iepenbier ûnderwiis en bysûnder ûnderwiis.