Underwiiswet fan 1857
De Underwiiswet fan 1857 wie in Nederlânske wet út 1857 dy't in ein besocht te meitsjen oan de skoallestriid tusken de foarstanners fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis, dy't ûntstien wie troch de Underwiiswet fan 1806. De wet wie troch Van Rappard útsteld. Dizze wet regele dat allinnich it iepenbier ûnderwiis fan it Ryk stipe wurde soe, dat it ûnderwiis tagonklik wêze moast foar bern fan alle godstsjinstige gesinten en dat it neutraal wêze moast.
Fierders skreau dizze wet foar it earst foar hokker fakken yn it leger ûnderwiis yn Nederlân jûn wurde moasten.
Dizze wet kende trije ûnderwiisfoarmen:
- de legere skoalle;
- it mear útwreide leger ûnderwiis (mulo);
- de Hegere Boargerskoalle (hbs)
Yn 1878 waard de wet oanpast.
Der wiene fjouwer soarten skoallen: de Earmeskoalle, de Herhellingsskoalle, de Twadde Boargerskoalle foar fral middenstânsbern en de Earste Boargerskoalle foar begoedigen. Utsein de Herhellingsskoalle wienen se foar jonges en famkes ornearre, dy't wol apart sitte moasten.