Joachim Hoppers

Ut Wikipedy
Joachim Hopperus

Joachim Hoppers ek: Joachim Hopperus (Snits, 11 novimber 1523 - Madrid, 11 desimber 1576) wie in jurist en heechlearaar.

Nei de Latynske skoalle yn Haarlim die er de stúdzjes Rjochten en Filosofy yn Leuven, Parys en Orléans en promovearre yn 1553. Dêrnei waard er heechlearaar yn Leuven en -mei troch syn freonskip mei Viglius fan Aytta- riedshear yn de Grutte Riefan Mechelen, lid fan de Geheime Rie en Rie fan Steat en adviseur fan Filips II oangeande Nederlânske saken yn 1566. De Erasmiaan Hoppers karde de hurde maatregels fan Filips tsjin de Byldestoarm ôf. Syn trou oan Fryslân blykt út brieven mei stikjes Frysk (Gaasterlânsk), út de Tabula, beskriuwing fan in soarte gouden iuw, ûnder oare fan Fryslân. Syn kaart fan de Romeinske tiid yn Fryslân is de earste fan de histoaryske geografy.

Syn opfiedkundige tinkbylden yn Ferdinandus, sive de institutione principis koe hy foar in part tapasse as oprjochter fan de Hegeskoalle fan Douay (1561), mar hy wie mear professor as steatsman.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commentatio succinta ad Institutiones iustinianeas, 1772
  • Paraphrasis in psalmos Davidicos (Antwerpen, 1590)
  • Seduardus sive de vera iurisprudentia (Antwerpen, 1590), dêryn de Tabula en Ferdinandus, sive de institutione principis
  • Recueil et mémorial des troubles des Pays-Bas du Roy (1743, 1858)
  • Epistolae ad Viglium (Utert, 1802)
  • Stikken en brieven yn argiven yn Brussel, Besançon, Lille, Giessen en de Keninklike bibleteek yn De Haach.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Hoppers, Joachim
  • Nederlands Biografisch Woordenboek (Leien, 1911-1937)