Joäsj fan Israel
| Joäsj fan Israel | ||
| Joäsj, kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Joas | |
| berne | net neamd yn 'e Bibel | |
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| ferstoarn | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | Samaria (2 Ken. 13:13) | |
| leeftyd | net neamd yn 'e Bibel | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | Joächaz fan Israel (2 Ken. 13:10) | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | Jerobeäm II fan Israel; gjin oare nammen oerlevere (2 Ken. 14:16) | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 798 - 782 f.Kr. | |
| bekend fan | oarloggen mei Amasja fan Juda; oerwinning op Aram; profetyske moeting mei Eliza | |
| neamd yn | 2 Keningen 13:10–25; 2 Keningen 13:14-25; 2 Keningen 14:8-16 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Joäsj (Hebriuwsk: יואש, Latyn: Joas; "God hat jûn") wie kening fan it Noardryk Israel. Syn regear wurdt datearre tusken 798 f.Kr. oan 782 f.Kr.
Joäsj wie de soan en opfolger fan kening Joächaz. Doe't Eliza op syn stjerbêd lei en Joäsj by him kaam om him te beskriemen, profetearre Eliza dat Joäsj de Arameeërs trije kear ferslaan soe. Nei't de Arameeske kening Hazael stoarn wie en Benhadad yn syn plak kening waard fan Aram, slagge it Joäsj yndie trije kear om Aram te ferslaan en de stêden, dy't earder ûnder it regear fan syn heit Joächaz oan Aram ferlern gien wiene, werom te feroverjen.[1]
Yn 'e tiid dêrnei levere Joäsj striid mei kening Amasja fan Juda. Amasja hie Joäsj útdage, mar Joäsj fielde der ynearsten net foar om striid mei Juda te leverjen. Amasja hold lykwols oan en doe waard der slach levere by Betsjêmes. Joäsj fersloech Amasja en naam him finzen. Dêrnei teach Joäsj nei Jeruzalim, de haadstêd fan Juda. Joäsj liet de stêd plonderje en de muorren foar in part delhelje.
Kening Joäsj stoar yn Samaria en waard beïerdige by de keningen fan Israel. Syn soan Jerobeäm folge him op.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |