Joächaz fan Israel
| Joächaz fan Israel | ||
| Joächaz, kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | Samaria (2 Ken. 13:9) | |
| leeftyd | net neamd yn 'e Bibel | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | Jehû fan Israel (2 Ken. 13:1) | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | Joäsj fan Israel; gjin oare nammen oerlevere (2 Ken. 13:9–10) | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 814 - 798 f.Kr. | |
| bekend fan | militêre swakte; ûnderdrukking troch Aram; gebed ta JHWH om útkomst | |
| neamd yn | 2 Keningen 10:35; 2 Keningen 13:1–9; 2 Keningen 13:22-25; 2 Kroniken 25:17-25 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Joächaz fan Israel (Hebriuwsk: יְהוֹאָחָז; Latynsk Joachaz, "God hâld fêst") wie kening fan it Noardryk Israel (Samaria). Hy folge syn heit Jehû op.
Joächaz ûndernaam neffens it Alde Testamint neat om in ein te meitsjen oan 'e sûndige praktiken yn it lân. Dêrmei wurde de ôfgoaderij bedoeld, dy't al sûnt Jerobeäm yn it lân Israel tastien waard.[1]
It lân wie ûnder it regear fan Joächaz ûnderhearrich oan 'e Arameeske kening Hazael en syn opfolger Benhadad. De kening seach hoe slim de Arameeërs it lân ûnderdrukten en kearde him ta de God fan Israel. Neffens de Skrift kaam der yndied in ein oan 'e ûnderdrukking. Mar de Israeliten makken gjin ein oan 'e ôfgoaderij en lieten sels de Asjearapeal yn Samaria stean.[2]
De kening fan Aram hie it leger fan Israel sa ûnder de foet rûn, dat it yn 'e tiid fan Joächaz net folle mear foarstelde: fyftich ruters, tsien striidweinen en 10.000 man fuotfolk.[3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |