Jet Jurgensmeyer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jet Jurgensmeyer
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jet Jurgensmeyer
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 novimber 2004
berteplak Nashville (Tennessee)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
jetjurgensmeyer.com

Jet Jurgensmeyer (Nashville (Tennessee), 27 novimber 2004)[1] is in Amerikaansk akteur, dy't yn 2010 mei seis jier úteinsette mei in aktearkarriêre. Syn bekendste rollen wiene Spanky yn 'e film The Little Rascals Save the Day, Bobby Anderson yn 'e tillefyzjefilm Adventures in Babysitting, en Boyd Baxter yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jurgensmeyer waard yn 2004 berne yn Nashville, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. Syn âlden runden dêr in restaurant dêr't de gasten ûnder it iten nei live-toaniel sjen koene.

Yn 2010 makke Jurgensmeyer mei seis jier syn debút as akteur mei in gastroltsje yn 'e ôflevering Lost and Found fan 'e plysjesearje CSI: Crime Scene Investigation. Oare tillefyzjeprogramma's dêr't Jurgensmeyer gastrollen yn fertolke, wiene û.m. de sikehûsrige anneks soapsearje Grey's Anatomy (2011) en de komeedzjesearjes Austin & Ally (2012), Hot in Cleveland (2014), Marry Me (2014) en Will and Grace (2017). Fierders wurke er yn 2011 en 2012 as stimakteur mei oan trije ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Special Agent Oso.

Op it wite doek wie Jurgensmeyer foar it earst te sjen yn 'e film Redemption Road, út 2010. Letter spile er yn films as Devil's Knot (2013), American Sniper (2014), Woodlawn (2015) en Ferdinand (2017). Syn bekendste filmrol wie dy fan Spanky yn 'e komeedzjefilm The Little Rascals Save the Day. Jurgensmeyer spile fierders yn ferskate tillefyzjefilms, lykas Bad Girls (2012), Changing Seasons (2013), Legends of the Hidden Temple (2016) en de Disney Channel-film Adventures in Babysitting (2016).

Jurgensmeyer hie weromkearende rollen yn 'e tillefyzjesearjes Shimmer and Shine (2016) en Puppy Dog Pals (2017). Syn earste fêste rol krige er as stimakteur yn 'e tekenfilmrige Bubble Guppies, dy't rûn fan 2013 oant en mei 2016. Yn 2018 krige er in fêste rol taparte yn seizoen 7 fan 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing, as Boyd Baxter, de soan fan dochter Kristin Baxter (spile troch Amanda Fuller) en har Kanadeeske man Ryan Vogelson (Jordan Masterson). Dy rol waard yn seizoen 2 oant en mei 6 fertolke troch Flynn Morrison.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens fan Jet Jurgensmeyer.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.