Jeropeeske Frijhannelassosjaasje

Ut Wikipedy
De meidoggers (donker grien) en âld-meidogggers (ljacht-grien) fan de JFA.

De Jeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA), ek bekend ûnder de Ingelske namme European Free Trade Association (EFTA), is in gearwurkingsferbân tusken Lychtenstein, Noarwegen, Yslân en Switserlân.

De JFA hat as doel de frijhannel yn yndustrieel guod tusken de dielnimmende lannen te stimulearjen. Op dizze wize wolle de lannen doelen as duorsume groei, folledige wurkgelegenheid, hegere produksje en rasjoneel gebrûk fan helpboarnen.

Nettsjinsteande dat de gearwurking minder fier jit as by de Jeropeeske Uny is de JFA dêr wol mei te fergelykjen. De Jeropeeske Uny wurket op in protte terreinen gear, wylst de JFA dat allinnich op it mêd fan de hannel tusken de lannen docht. De JFA is gjin dûane-uny. Wat betsjut dat der wol in gearwurkingsferbân is tusken de leden wêrby der gjin ynfierrjochten of beperkingen jilde tusken de lidstaten ûnderling, mar nei net-leden is der gjin gearwurking mei de oare JFA lannen. Elts lân mei harren eigen bûtenlânbelied fiere. Dit hat as gefolch hân dat Noarwegen, Yslân en Lychtenstein in akkoard slúten ha mei de lannen fan de Jeropeeske Uny. Tegearre wurde dizze trije lannen en die fan de Jeropeeske Uny de ‘Jeropeeske Ekonomyske Romte’ neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder stiet op tiidsfolchoarder de wichtichste foarfallen yn de skiednis fan de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje:

  • 1960: De oprjochting fan de JFA mei de konfinsje fan Stokholm. Dielnimmende lannen binne Denemarken, Noarwegen, Eastenryk, Portegal, it Feriene Keninkryk, Sweden en Switserlân.
  • 1970: Yslân treed ta by de JFA.
  • 1973: Op 1 jannewaris ferlitte it Feriene Keninkryk en Denemarken de JFA. Tegearre mei Ierlân wurde se lid fan de Jeropeeske Uny.
  • 1986: Finlân wurd lid fan de JFA. Portegal is lid ôf omdat it lid wurd fan de Jeropeeske Uny, tegearre mei Spanje.
  • 1991: Lychtenstein wurd lid fan de JFA.
  • 1995: Sûnt 1 jannewaris wurde Eastenryk, Sweden en Finlân lid fan de Jeropeeske Uny. Yn Noarwegen wurd in referindum hâlden oer it ta treden oant de Jeropeeske Uny, it foarstel wurd ôfwêzen wêrtroch Noarwegen by de JFA bliuwt. Troch dit barren binne der sûnt ’95 noch mar fjouwer lannen lid fan de JFA, dit binnen Noarwegen, Switserlân, Yslân en Lychtenstein.