Jeropeesk Wikselkoersmagnisme

Ut Wikipedy

It European Exchange Rate Mechanism (ERM) (Jeropeesk Wikselkoersmagnisme) wie in ekonoamysk systeem om de Jeropeeske wikselkoers te stabilisearjen as tarieding foar de Jeropeeske Ekonomyske Monetêre Uny en de yntroduksje fan de Euro.

Tegearre mei de ecu wie it European Exchange Rate Mechanism ein fan de grûnslaggen fan de ekonoamyske uny. It joech faluta's ien wikselkoers foar de ecu oer.

Der wie hope dat it meganisme helpe soe en stabilearje de wikselkoers. De handel yn 'e Jeropeeske lannen soe groeie en der soe in delgeande ynflaasje komme.

It ERM joech nasjonale faluta's in boppe- en in ûndergrins dêr't de faluta's net bûten komme mochten.

Op 16 septimber 1992 koe it Britske pûn en de Italjaanske lire net binnen dy stelde grinzen bliuwe. Yn 1993 binne de faluta boppe- en ûndergrins feroare nei 15 %.

ERM II[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 kaam de ERM II foar de ERM yn it plak. De Grykske en Deenske munt waarden in part fan it systeem, mar Grikelân waard yn 2001 in part fan de Eurosône. Dêrom bleau de Deenske kroan in skoftlang de iennige ERM II munt.

Op 28 juny 2004 waarden de muntienheden fan Estlân, Litouwen en Sloveenje in part fan it meganisme, Op 2 maaie 2005 waarden de muntienheden fan Syprus, Letlân en Malta in part fan it meganisme.

Op 28 novimber 2005 waard de muntienheid fan Slowakije in part fan it meganisme.