Jelgerhûsstate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Jelgerhûsstate, ek Canterhoven, Catershoven en Zorgvliet is in state Efter de Hoven op de hoeke fan de tsjintwurdige Verstolkstrjitte yn Ljouwert.

It boujier is ûnbekend. Yn 1458 wie sprake fan “dio Nes deer lidsen is by Jelgher Herstera wey”. In ‘nes’ is lânpunt dy't fanút heger lizzende grûn yn it leechlân útstekt. Dizze ‘nes’ lei op it plak dêr't de wei “Achter de Hoven” nei it noarden ta bûcht. Sa’n ‘nes’ wie in gaadlik plak om huzen, in pleats of in stins te bouwen. Yn dit gefal lei der in buorskip fan in oantal húskes en stie hjir de stins fan de famylje Jelgerhuis. It hiem grinze oan de Huzumer Himrik dat oan de oare kant fan it rivierke de Potmarge leit.

Yn 1567 waard it hûs bewenne troch Pier Jelgerhuis en yn 1600 troch Haye Scheltema. Yn 1728 wurdt Douwe Upckes as eigener neamd.
Yn de 18e iuw wurdt it hûs op dat plak as “Canterhoven” en “Catershoven” fernijd. Oan de boustyl te sjen (op in tekening fan Stellingwerf fan 1723) is dit Jelgerhuis/Canterhoven boud oan it begjin fan de santjinde iuw.

As yn de earste helte fan de 19e iuw de hear Dodonius Pierius van Kolde Reneman it hûs fernijt en ferfraait hjit it “Zorgvliet” hearde der 70 pûnsmiet grûn by. Om 1850 wurdt it hûs bewenne troch dy syn dochter juffer F.O.R. Reneman.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1576 Pier Jelgerhuis
  • 1600 Haye Scheltema
  • 1832 D.P. van Kolde Reneman
  • 1850 mej. F.O.R. Reneman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: