Jeleazarov-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jeleazarov-kleaster

Елеазаров монастырь

Katedraal fan de trije Hiërarchen
Katedraal fan de trije Hiërarchen
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Pskov
plak Pskovgfull.svg Pskov
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
oare ynformaasje
webside eleazarovo.ru

It Jeleazarov-kleaster (Russysk: Елеазаров монастырь) is in lyts otterdoksk nonnenkleaster, sa'n 25 kilometer noardlik fan de Russyske stêd Pskov. Eartiids wie it in kleaster foar muontsen, mar tsjintwurdich is it in nonnenkleaster.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oan de wei fan Pskov nei Gdov lizzende kleaster waard yn 1447 stifte troch de boer Eleazar, dy't de kleasternamme Efrosin oannaam. Hy sette útein mei de bou fan in houten tsjerke dy't oan de trije hillige hiërarchen wijd waard. Nei syn dea op 15 maaie 1481 waard Efrosin dêr begroeven. Yn 1551 folge de hillichferklearing fan de stifter fan it kleaster.

De restaurearre kleastergebouwen

Yn it midden fan de 16 iuw waard it kleaster fortifisearre. Tanksij de gelearde hegumen Filofej krige it kleaster in romrofte namme. Oan him wurdt de "Legende fan de wite Kovel" taskreaun. Ek die hy yn in brief oan Vasili III oan it konsept fan Moskou as it Tredde Rome út de doeken. Under syn bestjoer waard it kleaster ferneamd fanwegen de ikoanenskilders. Ek de bou fan de noch jimmeroan besteande katedraal fûn yn dy tiid plak.

It kleaster waard al gau nei de Oktoberrevolúsje yn 1918 troch de bolsjewiken sletten en oerdroegen oan ferskate organisaasjes, lykas in sanatoarium foar bern mei tuberkulose. De tsjerke bleau noch wat langer iepen mar gyng yn 1920 ek ticht. De kleastergebouwen rekken yn de Sovjet-tiid slim yn it neigean en oant 1999 wiene der noch in bernekamp en wenromten yn fêstige.

Yn 2000 waard it kompleks wer iepene as in kleaster, mar no foar nonnen. De katedraal fan de trije grutte Hiërarchen waard doe wer restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: in:Spaso-Eliazarovsky Monastery