Jehannestsjerke (Flensburch)
Jehannestsjerke (Flensburch) | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
plak | Flensburch | |
adres | Johanniskirchhof 17 | |
koördinaten | 54° 47' N 9° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev-Lutherske tsjerke | |
patroanhillige | Jehannes | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romaansk en gotyk | |
Webside | ||
Hiemside tsjerke | ||
Kaart | ||
De Jehannestsjerke (Dútsk: Johanniskirche, Deensk: Sankt Hans Kirke) is de lytste en âldste fan 'e trije noch besteande midsiuwske stedstsjerken fan 'e Dútske stêd Flensburch (Sleeswyk-Holstein). De tsjerke is oan 'e apostel Jehannes wijd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering waard yn 1128 mei de bou fan 'e fjildstiennen tsjerke útein set. It tsjerkegebou, dat yn in koer en in skip ferdield is, hat in soad fan oare tsjerken yn it histoaryske wengebiet fan 'e Angelen. Dochs hat de tsjerke dúdlik mear oansjen as de oanbuorjende tsjerken fan Adelby, Rüllschau en Hürup. Dêrút kin opmakke wurde dat de Jehanneswyk as ien fan 'e fjouwer histoaryske Flensburger stedswiken, al 150 jier foar it krijen fan stedsrjochten, fan grut belang wie. Yn 'e 13e iuw ûntwikkelen de delsettings om de Marijetsjerke en de Nikolaastsjerke harren lykwols as it sintrum fan de machtige hannelsstêd Flensburch. De Jehanneswyk bleau in plak fan fiskers en ambachtslju en hold in minder stedsk karakter. It lei apart fan 'e bemuorre Nikolaaswyk mei syn Mûnepoarte en de Jehanneswyk wie allinne mar troch in houten befêstiging beskerme.
Bou en ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is yn 'e kearn romaansk, mar krige yn 'e goatyske tiid gruttere finsters en in langer koer fan bakstien.
Yn 'e tsjerke binne de letgoatyske beskilderings fan 'e ferwulften it besjen wurdich, dy't troch Peter Lykt as in tún fan Eden oanbrocht binne. Yn it sintrum fan it ferwulft is in foarstelling fan it Jongste Gerjocht. De fresko's waarden yn 1734 oerkalke en yn 1910 op 'e nij ûntdutsen en bleatlein. Foar in part binne se rekonstruearre en oanfolle en yn 1969 folge noch in restauraasje.
In iken byld fan Jehannes de Doper datearret fan 1500 en is 1,82 meter heeech.
De toer fan 'e tsjerke datearret út 'e barokke tiid (1741). Foar dy tiid hie de tsjerke in houten klokkestoel, dy't njonken de tsjerke stie.
De preekstoel stamt út 1587 en is fersierd mei reliëfs fan 'e sûndefal, de berte fan Kristus, de krusiging, de opstanning en it Jongste Gerjocht. It achthoekige doopfont is fan 1592 en wurdt droegen troch de bylden fan 'e fjouwer evangelisten.
It alter is yn 1734 yn Flensburch makke en hat in foarstelling fan oaljefarve op hout fan it Lêste Nachtmiel.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike oargel fan Wilhelm Buchholz datearret fan 1723. Yn 1762 fergrutte Johann Daniel Busch it oargel mei twa pedaaltuorren. Grutte yngrepen wiene der yn 1870 en 1938 troch Marcussen & Søn. Mei gebrûk fan 'e âlde oargelkas fan 1723 waard it oargel yn 1966 troch Emanuel Kemper foar it grutste part op 'e nij boud en nei foarren helle. Dêrnjonken krige it in rêchposityf en nije registers yn it pedaal.
Tsjerkhôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't yn 1813 in nij gemeentlik tsjerkhôf iepene waard, fûnen der gjin nije begraffenissen mear op it tsjerkhôf plak. Healwei de 19e iuw waard it opheft, mar it bleau foar in part as in grienfoarsjenning bestean. De histoaryske bebouwing om it tsjerkhôf bleau oan 'e eastlike kant en oan 'e westlik oangrinzgjende Süderfischerstraße bewarre. Oan 'e súdkant stiet it yn 1903-1904 boude neogoatyske pastoraat. De noardlike kant fan it Tsjerkeplein waard yn 'e jierren 1960 folslein fernield.
By it tsjerkhôf leit boppedat it lytse Fleno-park mei in symboalysk grêf fan 'e ridder Fleno, fan wa neffens de leginde de namme fan 'e stêd Flensburch ôflaat is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Johanniskirche (Flensburg)
|