Jean Jacques Engelenburg
Appearance
Jean Jacques Engelenburg (Diphoorn, 15 desimber 1880 – Grins, 7 novimber 1956) wie in Nederlânske boargemaster.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Engelenburg wie in soan fan de boargemaster fan Sleen Lucas Engelenburg en Maria Coenradina van der Lelij. Hy waard lyk as syn heit boargemaster. Yn 1914 waard er beneamd ta boargemaster fan Zweeloo. Yn 1920 ruile er mei de boargemaster fan Anloo, Jan Hendrik Herman Römelingh, fan gemeente. Hy waard boargemaster fan Anloo en Römelingh gie werom nei syn eardere gemeente Zweeloo.
Engelenburg bleau 25 jierren boargemaster fan Anloo oant 1945, mei in ûnderbrekking fan 1943 oant 1945 ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't er dien krige fan de Dútske besetter en er ferfongen waard troch de NSB-er Jan Kooistra.