Jan Kooistra (NSB-boargemaster)
Jan Kooistra (Mitselwier, 22 novimber 1894 - ?) wie in Nederlânsk boargemaster fan Frysk komôf yn de Twadde Wrâldoarloch foar de NSB.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kooistra waard 1894 yn Mitselwier berne as soan fan timmermansfeint Jan Kooistra en Minke Jans Fransbergen. Nei syn beropsoplieding wie Kooistra ûnder mear boukundich opsichter yn Veendam en yn Emmen en gemeenteopsichter yn Hoogeveen. Yn Emmen wie er learaar tekenjen oan in faktekenskoalle. Kooistra wie lid fan de NSB. Augustus 1943 waard er beneamd ta boargemaster fan it Drintske Anloo.[1] Hy ferfong boargemaster Engelenburg dy't troch de Dútske besetter dien krige hie. Kooistra wie tige pro-Dútsk en in fûleindich NSB'er. As boargemaster fan Anloo krewearre er foar it twongen oan 't wurk setten fan arbeiders út syn gemeente yn Dútslân, de saneamde Arbeitseinsatz.[2]
Nei de oarloch waard er fêstset. In fersyk om fuortendaliks frij litten te wurden waard yn 1947 troch it Asser tribunaal ôfwiisd.[3]
Kooistra troude op 24 septimber 1920 yn Veendam mei Stientje Luken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
|
- Frysk amtner
- Frysk ûnderwizer
- Frysk politikus
- Frysk faksist
- Frysk krimineel
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk politikus
- NSB-politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk faksist
- Nederlânsk krimineel
- Persoan feroardiele foar lânferrie
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Mitselwier
- Persoan berne yn 1894
- Persoan stoarn yn de 20e iuw