Springe nei ynhâld

Jarko Nieweg

Ut Wikipedy

Jarko Nieweg wie direkteur fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean.

Yn 2003 ferruile Nieweg syn baan as lid fan de rie fan bestjoer fan Essent foar direkteur fan de Thialf-iishal. De finansjele posysje fan Thialf wie destiids min. Nieweg moast op ’e siik nei ynvestearders. Hy waard beneamd om syn ûnderfining as finansjeel bestjoerder en syn grutte netwurk.[1] Hy soe in wichtige rol spylje yn de ûntwikkeling en renovaasje fan Thialf.

Thialf datearre fan 1967 en waard njoggentjin jier letter oerdekt. Neffens Nieweg hie Thialf nei de oerkaping al folle earder ferboud wurde moatten. Yn 2002 waard Thialf folslein renovearre foar sawat acht miljoen euro. Yn deselde perioade waard de sa neamde Sportstad Hearrenfean boud by it Abe Lenstra Stadion fan fuotbalklup SC Hearrenfean. Nieweg hie graach sjoen dat Thialf in part fan dy Sportstêd waard. It iisstadion Thialf moast net ferhúzje nei in oar plak op It Hearrenfean. Neffens him lei de gemeente Hearrenfean tefolle de klam op nijbou fan it stadion by Sportstêd Hearrenfean.[2] Hy wie foar de renovaasje fan it âlde stadion omdat nijbou op in oar plak fierstente djoer wurde soe. [3] Troch alle berie en oerlis gie in soad tiid ferlern, wêrtroch’t de iistempel net klear drige te wêzen foar de Olympyske Winterspullen fan 2014.

Yn maart 2011 besleat in spesjale wurkgroep dat der in nij stadion boud wurde soe. Dy wurkgroep omfette ek KNSB-foarsitter Doekle Terpstra. Op 14 desimber 2011 kundige de Provinsjale Utfiering Hans Konst fan Romtlike Planning, Ekonomy en Duorsume Enerzjy oan dat de Provinsjale Utfiering 40 miljoen euro beskikber stelle woe foar in nij Thialf. Op 22 febrewaris 2012 keas in mearderheid fan de Provinsjale Ried fan Fryslân foar in renovearre iistimpel op de hjoeddeistige lokaasje. Der wie foarkar foar wat neamd waard de 'renovaasje' fan it iisstadion, in mjuks fan nijbou en renovaasje. Dy fariant soe Fryslân tweintich miljoen euro kostje ynstee fan de hûndert miljoen foar in nij Thialf.

Yn maart 2012 waard Nieweg as direkteur fan Thialf opfolge troch Eelco Derks. [4] By syn ôfskied sei Nieweg: 'Friezen moeten iets meer met de tieten vooruit.' [5] Nei de tige djoere renovaasje gie Thialf hast fallyt. Om't Aegon, Essent en de gemeente Hearrenfean de oandielen fan Thialf kochten, waard it stadion rêden. Yn 2016 waard de renovearre iishal weriepene.

Yn 2012 waard Nieweg beneamd ta eareboarger fan de gemeente It Hearrenfean foar syn bydragen oan de mienskip en syn wurk by Thialf.

Nieweg wie acht jier haadbestjoerslid fan it Nederlânske tennisbûn KNLTB. Yn 1997 waard hy ûnderskieden as lid fan fertsjinste fan it tennisbûn. Yn Norg waard hy earelid fan de tennisferiening.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Crisis bij schaatsstadion Thialf voorbij, Nederlands Dagblad, 10 jannewaris 2003
  2. Thialf-baas tegen bouw van nieuwe hal, Finansjeel Deiblêd, 29 jannewaris 2013
  3. Directeur blijft strijden voor behoud., www.schaatsen.nl
  4. Derks nije direkteur Thialf, Omrop Fryslân, 21 desimber 2011
  5. Zwart op Wit, www.friesjournaal.nl
  6. Bestuur & Commissies, www.norgertv.nl