Hans Konst

Ut Wikipedy

J.H.J. (Hans) Konst (Bakhuzen, 9 desimber 1958) is in Nederlâns politikus fan de Partij fan de Arbeid út Harns. Fan berop is er geriater, wurksum by de GGZ yn Ljouwert.

Konst is sûnt febrewaris 2009 deputearre fan Fryslân. Dêrfoar wie provinsjaal steatelid út namme fan de PvdA. Hans Konst folge de yn desimber 2008 ferstoarne Anita Andriesen op.

Konst hie de portefeuille Romtlike ûntwikkeling, Plattelânsbelied, Lanlik gebiet en Duorsume ûntwikkeling.

De PvdA Fryslân waard nei de ferkiezingen fan 2 maart 2011 de grutste partij. Under lieding fan Konst foarme de PvdA in nij kolleezje fan deputearren, dêr't Konst sels ek in sit yn hat..

De PvdA Fryslân waard nei de ferkiezingen fan 2 maart 2011 de grutste partij. Konst waard deputearre Romte, Ekonomy en Duorsume Enerzjy.

Op 7 novimber 2012 makke Konst buorkundich dat it Kolleezje fan Deputearre Steaten 50 miljoen euro beskikber stelle woe foar in 'nij Thialf'. [1]

Nei de ferkiezingen fan 2015 kaam de PvdA net mear yn it kolleezje fan Fryslân. Konst ferliet yn desimber 2015 ek de Steatefraksje fan de partij en gie dêrnei wer as ferpleechhûsdokter oan it wurk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Gaat de verbouwing door of niet" NOS.nl, november 2012