Jantsje Aberg-Terpstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jantsje Aberg-Terpstra mei har dochter Hendrica Anne Sigrid

Jantsje Aberg-Terpstra, skûlnamme Madzy (Noargerfeart ûnder Noarch, 9 maart 1876Minneapolis (Minnesota), 28 july 1941) wie in ûnderwizeresse en Frysk skriuwster.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jantsje Terpstra waard berne as dochter fan Jitse Jehannes Terpstra, boer en kastlein, en Hindrikje Foppes de Haan, beide fan Bakkefean. Doe't har âlden jong ferstoarnen wie sy acht jier en waard se grutbrocht troch beppe fan memmekant yn Bakkefean.

Jantsje Terpstra debutearre as skriuwster yn 1899 yn it tydskrift ‘Sljucht en rjucht’ fan Waling Dykstra, in man dy’t hja tige bewûndere, en yn it SelskipsblêdForjit my net!’’. Fan har hân ferskynden tsientallen ferhalen, fersen, reportaazjes en sy makke as earste in bernebryfkes-hoekje yn Sljucht en Rjucht. Nei 1912 hat hja net mear yn Fryske blêden publisearre. Har wurk is nea bondele.

Jantsje Terpstra hat oan de iepenbiere skoalle stien yn Midslân en fan 1901 oant 1906 op De Jouwer. Yn dy tiid reizge hja twaris nei Sweden, nei it slöjd-sintrum fan Nääs. Op dy reizen stiek hja ek yn Noard-Fryslân oan. Sy rekket yn de kunde mei de slöjdlearaar Charles Aberg. Hy waard learaar yn Kuba en yn 1906 emigrearret Madzy dêr ek hinne en sy trouwe. It pear krige ien dochter, Henderica (1908-1940) en twa soannen, Friso (1907-1944) en Rudolph (1911-sneuvele yn de oarloch). Sy hâldt it skriuwen foar ‘Sljucht en Rjucht’ oan. Al ringen ferfart de hûshâlding nei de Feriene Steaten nei Minnesota.
Madzy har lêste bydrage yn Sljucht en Rjucht komt út Minneapolis wei. Har wurk is lyrysk, sjongsum en romantysk.[1]

Har man Charles stoar yn 1921[2]

Madzy hat ienris werom yn Fryslân west, by famylje en har freon Jan Jelles Hof.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De famylje I, II / Madzy, 1912
  • Sister Julyana / Madzy, 1912
  • Oan de Karaïbyske sé / Madzy, 1911
  • In negerbal op Kuba / Madzy, 1911
  • Fen Fryslân nei Kuba I,II,III,IV,V / Madzy, 1910
  • Hwat Kaeije op syn reis nei mei de Kaa bilibbet : for de bern / Madzy, 1909
  • Brief fen Minneapolis : for de bern / Madzy, 1909

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dam, Freark, Wa wie Madzy winliken? yn Tusken de rigels troch; Friese Pers Boekerij bv, Drachten/Ljouwert 1991. Earder ferskynd yn 'De Strikel' 1979
  • Tresoar, Frysk Fotoargyf
  • Sirkwy

Noaten

  1. Abe de Vries, In tûke, mar romantyske observearster yn it Frysk Deiblêd, 19 july 2016
  2. Administraasje Lakewood Graveyard, Minneapolis, dat net yn 1912 sa't wol tocht waard.