Janny Vlietstra
Janny Griet Vlietstra (Ljouwert, 13 april 1948) is in Nederlânske politika. Sy is lid fan de Partij fan de Arbeid.
Vlietstra begûn har politike karriêre yn Ljouwert, dêr't sy lid wie fan de gemeenteried. Letter waard hja ek wethâlder. Yn 1995 waard Vlietstra boargemaster fan Wynskoat. Yn 2001 en 2007 waard hja op 'en nij beneamd. Yn de molestêd hie hja te meitsjen mei it Blauwestêd-projekt.
Sûnt 2006 wie Vlietstra belutsen by it weryndielingsproses fan de gemeentes Wynskoat, Reiderlân en Scheemda. Nei de weryndieling sil der in gemeente ûntstean fan hast 40.000 ynwenners.
Sûnt juny 2007 is Vlietstra teffens lid fan it deistich bestjoer fan de Iems Dollard Regio.
Op 28 jannewaris 2009 waard sy beneamd ta deputearre yn de provinsje Drinte. Sy ferfong dêr Huub Looman dy't lange tiid siik wie. Vlietstra stoppe nei de ferkiezings yn 2011 as deputearre.
Fan 7 juny 2011 oant 9 juny 2015 wie se Earste Keamerlid.
Yn oktober 2011 waard se waarnimmend boargemaster fan de gemeente De Wolden. Se die dat oant de gemeente in opfolger fûn hie foar Peter Snijders. Op 28 april 2012 lei Vlietstra har taken del en yn september waard hja waarnimmend boargemaster fan Marum. Dat die se oant 1 maaie 2013. Fan 1 maaie 2013 oant 1 maaie 2015 wie se tydlik opfolger fan boargemaster Rob Bats fan de gemeente Haren dy't fanwege it Projekt-X feest syn ûntslach yntsjinne. Pieter van Veen hat har op 1 maaie 2015 opfolge as waarnimmend boargemaster.
Op 12 septimber 2017 waard Vlietstra opnij ynstallearre as lid fan de Earste Keamer yn de fakatuere dy't ûntstie neidat Nico Schrijver lid waard fan de Ried fan Steat.
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Wethâlder fan Ljouwert
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk provinsjaal politikus
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1948