Janneke Ratsma
Janneke Ratsma[1] (Grou, 11 juny 1896 – Ynskedee, 7 juny 1976) wie in skoaljuffer en Fryske skriuwster.[2][3]
Har heit Jou Ratsma ferdronk by it hurdsilen op 'e Grouster merke, syn frou bleau mei twa famkes efter, Janneke wie noch mar 7 jier. Doe’t Janneke 12 wie, regele mem, dy’t in wolwinkeltsje hie, dat se by de minniste dûmny as twadde faam oan it wurk koe. Dûmny murk dat der kriich yn Janneke siet en soarge derfoar dat se yn Ljouwert in kursus folgje koe foar help-beukerliedster. Op har 20ste slagge se foar alle akten en krige al rillegau in baan yn Amsterdam. Om't se foar Douwe Kalma en de Jong Friezen werom nei Fryslân woe, folge se in stoomkursus foar de legere ûnderwiisakte en krige yn 1921 in oanstelling as skoaljuffer yn Aldeleie.
Ratsma wie warber lid fan de Jongfriezen en wurke mei oan Fryske tydskriften. Teffens wie se lid fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân. Nei’t de skoalle yn Aldeleie opdoekt waard en de ferhalen oer har lidmaatskip yn Fryslân bekend rekken, koe sy dêr gjin wurk mear krije en ferfear hja nei Ynskedee dêr't de lju har net koene.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk Mearkeboek (1924), mei printen fan Johan Dijkstra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|