Springe nei ynhâld

Janke Goslinga

Ut Wikipedy
Janke Goslinga
persoanlike bysûnderheden
echte namme Janke Goslinga
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 desimber 1884
berteplak Tilburch
stoarn 7 july 1969
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
reden
  bekendheid
moard op har man

Janke Goslinga (Tilburch, 18 desimber 1884Ljouwert, 7 july 1969) wie in frou dy't har gewelddiedige oarehelte Jan Wiebenga fermoarde.

Komôf en bernetiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Janke Goslinga waard berne yn Tilburch as de dochter fan Uilkje Goslinga en David Adrianus van der Weide. Doe't se seis jier âld wie, ferhuze se mei har mem nei Ljouwert, dêr't Uilkje mei in alkoholistyske gemeentereiniger op 'e nij troude. Der kamen sa folle healbruorren en -susters fan dat Janke de tel kwytrekke. Op jonge jierren gie se al net folle nei skoalle en moast se thús wurkje, letter waard se tsjinstfaam. Janke har mem ferstoar doe 't Janke sechstjin jier âld wie; doe waard se út 'e hûs set troch har styfheit. Dêrnei wenne se by har omke en fâd yn oant se achttjin jier wie.

Houlik en gesin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Janke Goslinga troude mei Jan Wiebenga, dy't wurk hie yn de Dútske minen, en al rillegau krige se har earste bern, Brita Christina. Letter krige se in twadde bern, Uilkje. Jan tocht dat it bern net fan him wie, dat hy stjoerde Janke nei Ljouwert, dêr't hja har bern fersoarge. Letter krige se noch njoggen bern, dêr't mar seis fan folwoeksen waarden.

Janke Goslinga har man Jan waard hieltyd gewelddiediger foar har en har bern oer, dat Janke stiel in tube rottegif dat se yn syn iten en drinken bemong. Dêr waard er úteinlik siik fan. Se stoppe in bûsdoek mei ammoania yn syn gesicht, sadat er it bestoar. De húsdokter en de begraffenisûndernimmer giene yn 't earstoan út fan in natuerlike dea. Lykwols kaam nei in anonime tip de moard út, wêrnei't Janke feroardiele waard ta acht jier finzenisstraf mei ôftrek fan foararrest.

Lettere jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter wertroude Janke mei in Piet Bruins. Se kaam yn 1969 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 84 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]