Springe nei ynhâld

J. van Oudshoorn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan Koos Feylbrief)
J. van Oudshoorn
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Koos Feylbrief
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 desimber 1876
berteplak De Haach
stoarn 31 july 1951
stjerplak De Haach
wurk
sjenre roman, ferhalen en toaniel
bekendste
  wurk(en)
Willem Mertens' levensspiegel (1914), Louteringen (1916),
Tobias en de dood (1925)
útjouwer Brusse, Van Holkema & Warendorf, Van Dishoeck, Veen, Van Oorschot
jierren aktyf 1914 - 1948

J. van Oudshoorn (skriuwersnamme fan Jan Koos Feylbrief, (De Haach, 20 desimber 1876 – De Haach, 31 july 1951) wie in Nederlânsk skriuwer en amtner.

Van Oudshoorn wie in soan fan in amtner oan it Algemien Ryksargyf. Hy hie HBS en studearre oan de Yndyske Ynstelling te Delft. Op 1 oktober 1899 waard er twadde klerk by it ministearje fan Bûtenlânske Saken, en yn febrewaris 1905 waard er beneamd as twadde kânselier fan de ambassade yn Berlyn Yn 1911 waard er dêr direkteur-kânselier. Hy troude op 16 april 1914 mei de Berlynske model Marie Elise Gertrud Teichner. It houlik bleau sûnder bern.

Van Oudshoorn bemuoide him net folle mei it literêre libben fan syn tiid. Hy skreaun allinnich mei P.C. Boutens, Lodewijk van Deyssel en Frans Coenen, dy't ferskate útjouwers oantrunen om syn proaza út te jaan. Syn iennichste kontakt mei kultuer wie de Berlynske sosiëteit Nederland en Oranje, dêr't er alle tongersdeijûnen kaam. Hy lies net folle, mar siet jûns te skriuwen en boude sa oan in stadich grutter wurdend oeuvre romans en ferhalen, dy't yn 'e fierte tinken dogge oan it naturalisme fan de Tachtigers, mar wêr't ek ynfloeden fan de filosofy fan Hegel yn werkend wurde kin.

Op 1 jannewaris 1933 krige er yn ferbân mei oerheidsbesunigings earfol ûntslach. Oant syn 65ste is er doe op wachtjild kaam. Van Oudshoorn gie werom nei De Haach dêr't er oan syn dea ta wenne hat oan it Van Imhoffplein. Yn de Twadde Wrâldkriich die er wurk foar it Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten. Nei de Befrijing waard ûndersocht at fan kollaboraasje sprutsen wurde koe, mar hy waard net feroardiele.

Utjouwer Geert van Oorschot hat der foar soarge dat Van Oudshoorn syn wurk net fergetten waard troch it útjaan fan de karlêzing Doolhof der zinnen (1950), mei in ynlieding fan Victor van Vriesland en mei in tekst fan F. Bordewijk efterop, en de werútjefte fan Van Oudshoorns wichtichste romans yn de rige De Witte Olifant. Foar "Doolhof der zinnen" krige Van Oudshoorn yn 1950 de Jacobson-priis, grutte 300 gûne.

Yn 1950 waard er slim siik. Faaks hat men syn 75ste jierdei dêrom in jier te betiid hâlden. In heal jier letter stoar hy mei 74-jier yn Den Haach. Van Oudshoorn syn frou stoar yn 1960, wêrnei't syn literêre neilittenskip by it jiskefet bedarre. Twa buorlju wisten foar te kommen dat de boeken en papieren op it stoart telâne kamen. Letterkundige Wam de Moor hat him der oer ûntferme en der foar soarge dat û.o. de novelle Bezwaarlijk verblijf útjûn waard. Fan syn hân wie ek de twadielige biografy yn 1982.

  • Willem Mertens' levensspiegel (roman) (1914)
  • Louteringen (roman) (1916)
  • Zondag (toanielstik) (1919)
  • Verhalen (1921)
  • Tobias en de Dood (roman) (1925)
  • Pinksteren (novelle) (1929)
  • In memoriam (roman) (1930)
  • Achter groene horren (roman) (1943)
  • Leonidas de overwinnaar (oersetting) (1943)
  • De schamele vreugden van Josef Mak (oersetting) (1945)
  • De fantast (novelle) (1948)
  • Doolhof der zinnen (samle wurk) (1950)
  • Bezwaarlijk verblijf (novelle) (1965)
  • Het onuitsprekelijke (brieven) (1968)
  • Verzamelde Werken. Dl. 1: novellen en schetsen (1968, 2e bywurke printinge 1976)
  • Verzamelde Werken. Dl. 2: romans (1974)
  • Marionetten.Nagelaten proza en toneel. Mei in portret fan Van Oudshoorn taheakke. (Besoarge troch Wam de Moor (1987).
  • J. van Oudshoorn 1876-1976. Themanûmmer fan "Tirade", nr. 219/220 (nov./des. 1976).
  • Maarten 't Hart, Het eeuwig moment. Essays.
  • G.H. 's-Gravesande: Een interview met J. van Oudshoorn in Sprekende schrijvers (1935)
  • W.A.M. de Moor: Over Willem Mertens' levensspiegel van J. van Oudshoorn (1979)
  • F. Hiddema: Schuld en boete in Willem Mertens' levensspiegel (1981)
  • W.A.M. de Moor: Van Oudshoorn. Biografie van de ambtenaar-schrijver J.K. Feijlbrief (proefskrift - 2 dielen) (1982)
  • F.B. Hotz: Over J. van Oudshoorn. Vijf brieven aan Wam de Moor. Besoarge troch Jan Paul Hinrichs. (De Haach: Statenhofpers, 2016)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]