Jan Knilles Femmes
Jan Knilles Femmes wie in boer dy't fan 1610 - 1611 in jier lang op it ûnbewenne Kampersân, ek wol Bosksân neamd, libbe hat fanwege in weddenskip. De sânplaat leit tusken Skylge en It Amelân en hjit tsjintwurdich Boskplaat, in ûnderdiel fan Skylge.
Weddenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De weddenskip waard ôfsluten mei Thomas Thomassoan en beide manlju kamen wierskynlik fan It Bilt. As Jan de weddenskip wûn, soed er djoer lânbou-ark en in soad fetten bier of in fergelykber bedrach oan jild fertsjinje. Yn it oare gefal soe hy itselde oan Thomas jaan moatte.
Mei wat famylje en kunde begjint Jan Knilles op 13 juny 1610 mei it bouwen fan in húske op peallen. Soks foel net ta om op in sânplaat peallen yn te graven. De hichte fan de flier kin mei in fizel, krektas by in heakape heger of leger draaid wurde. As soks slagget en de help wer ôfsetten is, bliuwt boer Jan allinnich efter.
Deputearre Steaten hienen lykwols argewaasje fan syn bouwerij krigen en fûnen it bouwurk in gefaar foar de skipfeart. Skippers soenen it bouwurk foar in beaken oansjen kinne. De 'Hoogh Mooghende Heeren' woenen it húske ôfbrekke litte, mar troch in soad protesten is dat net trochgien.
Stoarmen en springfloeden, mist en kjeld makken it bliuwen yn it húske lykwols in noedlik aventoer. Yn de maaitiid komme der wol wat toeristen te sjen en wat robbejagers mar fierder is it in iensum aventoer. Jan bliuwt yn libben troch fisk en ek wolris in fûgel te iten. As op 13 juny 1611 it jier om is wurdt Jan mei grut ûnthaal yn Fryslân ûntfongen en waard de priis fan de weddenskip oan him útrikt.
It ferhaal fan Robinson Crusoe op in ûnbewenne eilân fan Daniel Defoe soe letter wrâldferneamd wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|