Springe nei ynhâld

Jan Jacob Lodewijk ten Kate (keunstskilder)

Ut Wikipedy
Jan Jacob Lodewijk ten Kate

Jan Jacob Lodewijk ten Kate (Middelburch, 12 juny 1850 - De Haach (Loosduinen), 28 maaie 1929) wie in Nederlânsk keunstskilder, soan fan Jan Jakob Lodewijk ten Kate (1819-1889).

Ten Kate studearre oan de Akademie der Bildenden Künste yn München. Hy krige ûnderrjocht fan Petrus Franciscus Greive en syn omke Herman Frederik Carel ten Kate.

Yn 1880 makke er in stúdzjereis nei Switserlân. Yn 1890 gie er werom nei Nederlân en sette him nei wenjen yn Epe. Letter wenne er efterelkoar yn Valkenburg (1901), Antwerpen (1903), Brussel (1906), Bloemendaal (1908) en gie doe werom nei De Haach.

Ten Kate syn wurk hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen: it giet fan sjênrekeunst, lânskippen, portretten, ôfbylden fan bisten oant stedssichten, figueren en strângesichten. Hy krige yn 1880 de Prix d'Excellence foar it skilderij Hooioogst door vrouwen en kinderen op Marken. Teffens makke er in portret fan keninginne Wilhelmina yn it Hof fan Arbitraazje, in portret fan Henri Dunant yn it gebou fan it Reade Krús, in allegory Après la Guerre en Zegen des vredes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1920. Jan ten Kate, 70 jaar. Prins der Geïllustreerde Bladen. Side 283