Jan Harm Contermans

Ut Wikipedy

Jan Harms Contermans wie de skutmaster fan it yn 1650 boude fallaat of de slûs in de Linde by Noardwâlde. Dat wie teminsten sa yn it jier 1742. Dit blykt út in brief dy't skippers, as brûkers fan it fallaat, oan de Steaten fan Fryslân stjoerden. Yn it brief klagen se oer de skutmaster. Se beskuldigen him der fan dat er nachts it wetter fuortrinne liet sadat harren skippen drûch foelen. Jan Harm Contermans liet neffens it brief pas wer wetter yn de slûs as de skippers in protte jenever by him kocht hienen. Ek sette Contermans de omlizzende landerijen nei eigen goedtinken splis.

Oer it fallaat dat yn 1650 oplevere waard wurdt pas sprutsen yn 1850. Hy stiet dan yn de Atlas fan Fryslân fan Wopke Eekhoff.

Yn De Hoeve is der sawol in wei (Kontermanswei) as in brêge (Kontermansbrêge) oer de Linde nei Contermans neamd.