Springe nei ynhâld

Jan Gerritsz. van Bronchorst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan Gerritsz van Bronchorst)
Jan fan Bronchorst, gravuere fan Pieter de Bailliu (1662) neffens in selsportret naar een zelfportret. Ut: Het Gulden Cabinet
Jan Gerrits fan Bronckhorst. Muzikaal selskip oan in balustrade.

Jan Gerritsz. van Bronckhorst (ek: 'Bronchorst') (Utert, 1603 - Amsterdam, novimber of desimber 1661) wie in Nederlânsk keunstskilder en graveur.

Bronckhorst waard oplaat as glêsskilder troch Jan Verburgh yn Utert, en doe fan 1620-1622, yn Atrecht en Parys. Werom yn Utert folge er lessen oan de Utertske tekenakademy en lei him ta op it gravearjen. Hy makke etsen fan skilderijen fan Cornelis van Poelenburgh, dy't him ek oantrune om sels oan 't skilderjen te gean.

Earst yn 1639 naam er dy stap en waard er lid fan it Sint-Lucasgilde. Hy krige rillegau wichtige opdrachten en om 1650 hinne ferhuze er nei Amsterdam. Dêr beskildere er ûnder oaren de lûken fan it oargel fan de "Nieuwe Kerk", en die ek mei oan it dekorearjen fan it nije stêdhûs op de Dam. Oft Bronckhorst learaar west hat fan Caesar van Everdingen is net mei wissichheid te sizzen, mar fan him beynfloede is er wol.

Bronckhorst skildere grutte histoarjestikken, yn 't earstoan wat beynfloede troch it caravaggisme (mei de sensualiteit dy't dêr anneks mei is). Letter skaaide it wurk mear de kant út fan it klassissisme, wat him in protte offisjele opdrachten opsmiet.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Gerritsz. van Bronckhorst fan Wikimedia Commons.