Springe nei ynhâld

Jan Duyvendak

Ut Wikipedy
J.J.L. Duyvendak

Jan Julius Lodewijk Duyvendak (Harns, 28 juny 1889 - Leien, 9 july 1954) wie in Nederlânsk sinolooch.

Duyvendak studearre ynearsten Filology oan de Universiteit Leien. Rillegau sette er út ein mei it bestudearjen fan Sineeske talen by J.J.M. de Groot. Dêrnei, yn 1910-1, gong er nei Parys om te studearjen by de heechleararen Édouard Chavannes en Henri Cordier. Yn de jierren 1912-8 wurke er yn de earste dagen fan de Sineeske republyk foar de Nederlânske ambassade in Peking. Yn 1919 waard Duyvendak heechlearaar Sineesk oan de Ryksuniversiteit Leien. Dêr rjochte er yn 1930 it Sinologysk Ynstitút op. Yn de jierren fyftich wie Duyvendak ek rektor fan de Ryksuniversiteit Leien.

Duyvendak ûndersocht de Sineeske oerseeske bannen en fertaalde it It boek fan Hear Shang (商君書), yn 't koart ek Shangzi neamd, in haadwurk fan it Sineeske Legalisme. Teffens fersoarge er de earste Nederlandse fertaling streekrjocht út it Sineesk fan Tao Te Ching, ien fan de wichtichste geskriften fan it taoïsme.

Yn july 1940 briefke Duyvendak mei Jan Oort oer de identifikaasje fan de Krabnevel mei de opvallende supernova SN 1054, dy't yn 1054 yn de Sung Hui Yao beskreaun waard. Twa jier letter publisearren se dêroer mei de Amerikaanske astronoom Nicholas Mayall. Yn de Twadde Wrâldoarloch krewearre Duyvendak ek om joaden út hannen fan de Dútske besetter te hâlden.

  • 1928: The Book of Lord Shang: a classic of the Chinese school of law, Probsthain, Londen
  • 1933: Ma Huan heronderzocht, Noord-Hollandsche, Amsterdam
  • 1942: Further data bearing on the identification of the Crab Nebula with the supernova of 1054 A.D.. (Part I: J.J.L. Duyvendak, ‘The ancient oriental chronicles’; Part II. N.U. Mayall and J.H. Oort, ‘The astronomical aspects’ (yn: Publications of the Astronomical Society of the Pacific, 54 (1942), siden. 91-104).
  • 1942 Tau-te-tsjing. Het boek van weg en deugd (út it Sineesk oerset en taljochte troch J.J.L. Duyvendak), Arnhem (Van Loghum Slaterus), 2e herziene druk 1950, 3e druk Amsterdam (De Driehoek) 1980 (mei in neiwurd fan B.J. Mansvelt Beck), ISBN 90-6030-277-X.
  • 1949: China's Discovery of Africa, Probsthain, Londen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]