James Doyle Penrose
Appearance
James Doyle Penrose (County Wicklow, 9 maaie 1862 - 2 jannewaris 1932) wie in Iersk skilder fan portretten, histoarjestikken en lânskippen.
Hy wie in soan fan James Doyle Penrose sr.; studearre keunst yn South Kensington, op St John's Wood, en oan de RA-skoallen dêr't er in sulveren medalje ûntfong. Fan 1889 ôf hie er útstallings fan syn wurk yn de foarneamste galleryen fan Londen, benammen yn de Royal Academy. Ta syn meast wichtige wurk wurdt rekkenene The Presence in the Midst, Last Chapter en Queen Philippa interceding for the Burghers of Calais. James Penrose Doyle wenne ûnder Watford en stoar 2 jannewaris 1932.
-
De bestraffing fan Loki
-
Beda (1902)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|