Springe nei ynhâld

Jacob van Campen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakob fan Kampen)
Jacob van Campen

Jakob van Campen (Haarlim, 2 febrewaris 1596Amersfoort, 13 septimber 1657) wie in Nederlânsk arsjitekt en keunstner út de Gouden Iuw.

Hy kaam út in begoedige famylje en waard grut yn Haarlim. Van Campen wie hear fan Randenbroek, mar net fan adel. Hy skildere fral as tiidferdriuw. Yn 1614 waard er lid fan it Sint-Lucasgilde. Fan 1617 oant 1624 wie er yn Itaalje. Werom yn Nederlân kombinearre er de ideeën fan Andrea Palladio, Vincenzo Scamozzi en de klassike arsjitektuer fan Vitruvius mei de lânseigen bakstienbou. Dat resultearre yn it Hollânsk klassisisme, in boustyl dy't ek ynternasjonaal ynfloed hie. Van Campen wie in freon fan Constantijn Huygens, tegearre ûntwurpen sy syn nije hûs. Op Johan Maurits fan Nassau-Siegen, de ûntwerper fan de De Kleefske tunen en de Grutte Keurfoarst yn Berlyn hie Van Campen nei syn dea ek noch ynfloed. Frederik Willem fan Brandenburg woe perfoast in troch Van Campen skreaun boek hawwe, wat it ek kostje moast. It stedhûs en it stedspaleis yn Potsdam binne op de ideeën fan Van Campen basearre.

Van Campen arbeide as arsjitekt, keunstskilder en ûntwerper fan dekoraasjes, sa as foar it tsjerkeoargel yn Alkmaar. Hy beynfloede teffens de byldhoukeunst. Hy waard by syn wurk holpen troch Pieter Post, Daniël Stalpaert, Matthias Withoos, Philips Vingboons, Artus Quellinus, Tielman van Gameren en Rombout Verhulst. Faaks hat er ek gearwurke mei Albert Eckhout.

By de bou fan it stedhûs wenne Van Campen yn it djoerste loazjemint yn de Kalverstraat en syn fertarring wie der neffens. Yn 1654 is Van Campen mei rûzje fuortgien, faaks yn ferbân mei it ûntwerp fan de tonneferwulften fan it stedhûs. Stalpaert krige en einige it projekt mei - nei't sein waard - minder moaie oplossings.

Jacob van Campen stoar yn 1657 by Amersfoart op de bûtenplak Randenbroek, dat er erfd hie fan syn mem. Hy hie it sels ferboud en it wie troch Caesar van Everdingen dekorearre. Van Campen hat nea troud west, mar hie wol in soan. By syn begraffenis ûntstie skeel en fjochterij dat noch ta in rjochtsaak late.

Syn famylje en neiteam hawwe noch in skoft op it lânguod fan syn mem wenne. De famylje is lang om let út de adelstân ûntheft.

Den Haach: Paleis Noordeinde
Tsjerke yn Renswâld

Van Campen wie sinnich by it oannimmen fan opdrachten. Syn bekendste wurk:

Van Campen ûntwurp neist huzen en paleizen, ek in oantal tsjerken o.a. in Renswoude en Hooge Zwaluwe en de Nije Tsjerke yn Haarlim. Fan dat ûntwerp makke Pieter Saenredam trije skilderijen en acht printen. Dan ûntwurp Van Campen noch poarten en tuorren, û.o. foar de Westertsjerke en Nije Tsjerke yn Amsterdam. Syn skilderijen en muorredekoraasjes foar ûnder oaren Paleis Hûs de Bosk binne frijwat besibbe oan dy fan Paulus Bor, ien fan de oprjochters fan de Bentvueghels yn Itaalje.

  • Huisken, Jacobine, Koen Ottenheym en Gary Schwartz, Jacob van Campen. It klassieke ideaal in de Gouden Eeuw, Amsterdam, 1995.
  • Mak, G. (1997) Het stadspaleis. De geschiedenis van het paleis op de Dam.
  • Hoorn,W.J. van (1991) Een hofstede genaamd Randenbroek (van leengoed tot stadspark)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: