Jacob Vredeman
Jacob Vredeman de Vries of Jacques Vredeman (Mechelen, 1558/1559 - Ljouwert, septimber 1621) sjongmaster, toankeunstner en muzykteoretikus yn Ljouwert. Hy wie in komponist út de Súdlike Nederlannen, en joech yn 1602 tolwe fillanellen yn it Frysk út.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vredeman krige syn muzikale oplieding yn Mechelen, dêr't er yn 1576 koarsjonger waard. Hy fêstige him yn 1588 yn Ljouwert as muzyklearaar. Om 1600 hinne de lieder fan it Collegium Musicorum, dêr't de leden fan troch him ûnderwiisd wurde yn de fokale en ynstrumintale muzyk. De skieding dêrtusken is noch net hielendal trochfierd. (lustich om singen ende speelen op verscheiden instrumenten). It wurk fan Vreeman moat yn dat ljocht besjoen wurde. Vredeman hat syn Súdnederlânske stimpel op it Ljouwerter muzyklibben setten. Wie ek foarsjonger yn de Grutte Tsjerke en muzyklearaar yn de Grutte- of Latynske Skoalle. Fan syn lieten is in oantal op Fryske teksten skreaun.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musica Miscella á 4 e 5 voci (Amsterdam, 1603)
- Isagoge Lusthof (1621)
- Vilotte alla Napolitana á 4 voci (manuskript?)
- Bruloftslieden met 4en (4 stimmen)
- Music. fundamentboeck
De bondel ‘’Musica miscella o mescolanze di madrigali, canzoni, e villanelli in lingua Frisica a quatro & cinque voci” waard yn Frjentsjer útjûn troch Gillis van den Rade, dy 'ta de meast foaroansteande kalvinistyske útjouwers fan de stêd Antwerpen hearde; yn Fryslân wie hy steatsdrukker. De Fryske fillanellen skilderje it boerelibben mei mylde spot, en it Frysk is hjir noch gjin taal dy't mear earnstige lieten weardich achte waard. Pas mei de lieten fan Gysbert Japix wurdt it Frysk ek in taal foar earnstige minnepoëzij, politike sangen en psalmberimingen. Syn Isagoge musicae, dat is corte, perfecte instructie van de principale musycke, waard yn 1618 publisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Summiere ynformaasje oer Jacob Vredeman de Vries op Dobrego
- Jacob Vredeman de Vries op ChoralWiki
- Vredeman op www.fryskekomponisten.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Súdnederlânsk sjonger (foar 1830)
- Súdnederlânsk ûnderwizer (foar 1830)
- Súdnederlânsk komponist (foar 1830)
- Flaamsk sjonger
- Flaamsk ûnderwizer
- Flaamsk komponist
- Frysk sjonger
- Frysk ûnderwizer
- Frysk komponist
- Frysk persoan fan Flaamsk komôf
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1558
- Persoan berne yn 1559
- Persoan stoarn yn 1621