Springe nei ynhâld

Jacobus Stellingwerf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jabik Stellingwerf)

Jacobus Stellingwerf (1667 - Amsterdam, 1727) wie in goudsmid en yllustrator út Amsterdam.

Stellingwerf, dy't syn hiele libben yn Amsterdam tahâlde, troude twa kear. Syn earste frou wie de widdo Margarieta van Nierop dy't er yn 1703 troude en by wa't er gjin bern krige. Hja stoar yn 1712.

Op 14 maaie 1723 boaske er oan de 37-jierrige tekenaresse Antonina Houbraken (1686-1736), dochter fan de ferneamde skilder en skriuwer Arnold Houbraken (1660-1719). Faaks hat Stellingwerf troch dizze famylje kunde krigen oan it tekenfak.

Stellingwerf wie in goudsmit, mar hy komt net foar yn de gildeboeken fan Amsterdam, dat faaks wie er gjin mastergoudsmit. Hy is lykwols ferneamd wurden fan de hûnderten tekeningen (yn de trant fan Roelant Roghman) fan gebouwen dy't er makke hat foar de Atlas der vereenigde Nederlanden fan Matheüs Brouërius van Nidek en letter ek foar de amateur-âldheidkundige Andries Schoemaker. Stellingwerf tekene it materiaal dat him oandroegen waard nei, makke dy lykfoarmich foar de atlas; faak wiene dat al net mear besteande gebouwen. Der is gjin orzjineel eigen wurk fan him bekend en de kwaliteit fan syn wurk is ferskillend, mei omdat er faak yn in koart skoft tiid in soad tekeningen meitsje moast en faaks om't de easken fan de opdrachtjouwer net heech wienen.

Priuwke fan Stellingwerf's wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: