Springe nei ynhâld

Roelant Roghman

Ut Wikipedy

Roelant Roghman (Amsterdam, 1627 - dêre, 1692) wie in Nederlâns keunstskilder en etser.[1]

Roghman waard 14 maart 1627 doopt yn de Nije Tsjerke (Amsterdam) as zsoan fan de graveur Henrick Lambertsz Roghman en Maria Jacobs Savery, dy’t út de keunstenersfamylje Savery kaam. Roghman waard learling fan syn âldomke, hofskilder Roelant Savery. Hy soe ek ûnderrjocht fan Rembrandt hân hawwe, mar wis is dat net. Neffens Arnold Houbraken wie Roghman blyn oan ien each.

Roghman makke tegearre mei syn suster Geertruydt in rige lânskipsprinten (ca. 1645-1648), dy’t ûnder de titel Plaisante Landschappen ofte vermakelijcke Gesichten na 't Leven geteekent door Roelant Rogman útjûn waard troch Claes Jansz. Visscher. Ek syn suster Magdalena wie gravearster. Hy waard populêr troch in rige fan sa'n 200 prenten fan kastielen en bûtenpleatsen yn Hollân en Utert (1646-1647).

Roghman troude net en stoar yn syn berteplak dêr’t er op 3 jannewaris 1692 te hof kaam.

Foarbylden fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie