Jaarsmastate

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jaarsma en Hania (2010)
Jaarsma en Hania (1982)

Jaarsmastate, ek Jarichsma en Grut-Jaarsma is in eardere state en stie besuden Holwert, gemeente Dongeradiel, en grinze oan de súdkant fan Haniastate (Holwert). Op it út de loft wei noch goed te ûnderskieden eardere stinsterrein neist dat fan Haniastate stiet no in pleats.

De stins sil nei alle gedachten út de 14e iuw wêze. De family Jaarsma gou as aadlik en hearde ta de lytse haadlingen. De staach stoar yn de 17e iuw út. Jarichsma waard yn 1390 neamd as wenlak fan Riowrd Jarichsma, grytman oer de beide Dongeradielen. In akte oer jiermerken yn 1452 waard mei besegele troch Offa Jurgijsma. Omdat Lijef Iarsma yn 1453 Binnert Haygha op Hania foar him segelje lit. wenne hy grif yn Holwert. Yn 1491 sluet Take Jaersma him oan by it ferbûn mei Grins en yn 1504 en 1505 wurdt hy as edelman yn Dongeradeel neamd. Yn 1511 wie hy eigener en brûker fan Jaarsmastate mei 44 pûnsmiet binnendyks en 8 pûnsmiet bûtendyks lân.

Op de kaarten fan 1622 en 1664 wurdt Jaersma noch in edele state neamd, op dy fan 1718 net mear. Om 1785 hinne seit de “Tegenwoordige Staat” omtrint Haniastate: Deze plaats is merkwaardig wegens haare plantagie, welke ongeveer zeven morgen groot is, en ook een gedeelte beslaat van Jaarsma-state, waarvan byna niets dan de naam is overgebleeven. De pleats hie yn 1832 en ek no in grêft rûnom.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • ?Lijef Iarsma, 1453.
  • Take Jaersma, 1491, 1504, 1511. Soan:
  • Siuerdt Jaersma, 1526, 1539 op Jaersma. Dochter:
  • Romck Jaersma. Hja troude mei Saecke Harings Rinia, 1541-1560 grytman. Soan:
  • Ritscke fan Rinia, 1586-1618 grytman. Ritscke syn suster Fedt Saeckes Rinia, † 1624, trouwe mei Sjoert Saeckma. Harren pake-en beppesizzer:
  • dr. Suffridus Saeckema, grytman fan Dantumadiel, wie yn 1640 eigener fan Jaarsama state ende saate- sekretaris Henricus fan Wyckel en wijlen de heer Cornelius Bosman kinderen beide foar de helte eigener; brûker Monte Freerxs yn 1698, yn 1700 88 pûnsmiet/29.29 ha. grut
  • yn 1728 Monte Freerks neist brûker teffens folslein eigener
  • 1832 Abe Goffes de Boer út Ternaard eigener

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Genealogyske databank fan Jan Leemburg
  • Hisgis