Springe nei ynhâld

Haniastate (Holwert)

Ut Wikipedy
Haniastate yn 1722[1]

Haniastate lei súdlik fan Holwert, gemeente Dongeradiel. Fan de state is neat werom te finen. It grutte stee wie mei beammen beplante yn in parkeftige oanlis.

De state wurdt yn de 15e iuw foar it earst neamd. De âldste fermelding fan de Hania's fan Holwert komt út 1453. Yn de namme fan de pachter fan 1511 waard de state Hanygen neamd. De family Hania stoar yn de 16e iuw út. Hania waard dêrnei it hûs fan in tûke fan de Aylva's.

De earst bekende Holwerter Hania is Binnert Hayngha. Hy segele yn 1453 mei foar syn fermoedlike buorman Lijef Iarsma in stik oer de jiermerken yn Eastergoa. Syn mooglike soan Worp Hania segele yn 1487 mei foar Hessel Buwinge, ek in buorman, it ferbûn tusken Dokkum, Ferwerderadiel, Dongeradiel en Dantumadiel, en yn 1491 it Ferbûn mei Grins.

  • 1453 Binnert Haijnghe
  • 1487 Worp Hania
  • 1505, 1511 Ritsche Hanijgen
  • 1627 Ernst fan Aylva
  • 1725 family Fan Aylva
  • 1725 Albertus Aemilius Lamoraal Rengers
  • family Fan Aylva (Ternaarder takke)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Hisgis
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1960
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992

--

  1. It ûnderskrift fan de oarspronklike ferzje fan it ôfbyld út 1722 of 1723 fan Jacob Stellingwerf jout ....trouwens ten onrechte Tjessens State neffens it artikel Haniastate (Holwerd) op www.stinseninfriesland.nl.