Springe nei ynhâld

It Pealtsje fan Easterlittens

Ut Wikipedy

It Pealtsje fan Easterlittens is in teltsje oer in skuonmakker út Easterlittens. Op it doarpsplein fan Easterlittens stiet in pealtsje as oantinken oan dit ferhaal.

"It Pealtsje fan Easterlittens" is ek in wikselpriis dy't alle jierren takend wurdt oan it winnend partoer fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote.

It ferhaal yn it koart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Easterlittens wenne in earme skuonmakker dy’t dreamde dat er op de Papenbrug yn Amsterdam syn gelok fine soe. Hy gie doe nei Amsterdam dêr't der trije dagen omswalke, hy tocht krekt dat it better wie as er thús bleaun wie, doe't in âlde bidler him oanskeat. De skuonmakker die syn ferhaal en de bidler ferklearre him foar gek. De bidler hie ek alris trije kear dreamd, mar dan dat hy nei Easterlittens gean moast dêr't achter it hûs fan in skuonmakker ûnder in pealtsje in pot mei jild bedobbe wie. Hy wie dêr fansels nea hinne gien. De skuonmakker sei neat mar gie gau wer nei hûs dêr't syn frou tige bliid wie doe't er de pot mei jild boppe de grûn helle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]