Houten brêgen by Snits

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan It Duvelsrak)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Brêge Duvelsrak, sjoen út Tinga wei (2011)

Krúsrak en Duvelsrak, yn de folksmûle: de houten brêgen, binne twillingbrêgen oer Rykswei 7 by Snits. De earste brêge, It Krúsrak, is yn novimber 2009 yn gebrûk nomd. De twadde brêge, It Duvelsrak, folge yn 2010.

Priisfraach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 skreau de gemeente Snits in priisfraach út foar it meast orizjinele en brûkbere fiaduktûntwerp oer de A7 by de krusings Akkerwinde en Molenkrite. It winnende ûntwerp wie fan Onix en Achterbosch Arsjitektuer.

Materialen en bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brêgen besteane út in stielen weidek, dat makke is yn Burgum, en in hielendal houten oerspanning, dy't 15 meter heech is.

Gjin inkel ûnderdiel fan it hout is rjocht, alles is bûgd of draaid. Alle ferbinings waarden lime. De tariedings en bou duorre fjouwer jier, omdat in soad ûndersyk dien wurde moast nei geskikte hout- en lymsoarten. Besletten waard om Accoya-hout te brûken, dit kaam út produksjebosken yn Nij-Seelân. It Accoya-hout waard by Titan Wood mei jittiksoeranhydride ympregnearre wêrtroch't de sellen fan it hout feroaren en it hout like sterk waard as hurdhout, dat foar dizze konstruksje te swier west hawwe soe. De bou fan de oerspanning waard útfierd troch Schaffitzel, in Dútsk bedriuw dat spesjalisearre is yn it bouwen fan houten brêgen. Schaffitzel makke der in soarte boupakket fan dat op it plak sels yn elkoar setten waard. It gehiel waacht 354 ton de brêge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: