It Krúsrak is in houten brêge oer de A7 by Snits. De brêge waard op 15 april2009 iepene. It hout is coate mei in glêd laachje, sadat de smoargens der maklik ôf spielt. It wûn yn 2010 de houtynnovaasjespriis, takend troch Centrumhout.nl. It is de earste houten brêge dêr't ûnbeperkt frachtweinen oer ride meie. Hy is oplutsen út ferlime houten eleminten, allinnich it weidek is fan stiel. De brêge mei in oerspanning fan 32 meter, 12 meter breed en 16 meter heech, is in ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitektHans Achterbosch, yn gearwurking mei it Ljouwerter arsjitektekantoar Onix yn Grins. Ein 2010 kaam in ein fierderop noch in (wat smellere) houten brêge te stean.
Yn maaie 2025 waard It Krúsrak fan syn plak hyst foar grut ûnderhâld om't der skuorkes ûntstien wie en de ferve blierre ôf, ek siet er focht yn it hout. [1][2] Yn maart 2026 makke rykswettersteat bekend dat ferlime houten eleminten los lieten en net mear te werstellen wiene. [3]