It Beaken (De Jouwer)

Ut Wikipedy
It Beaken (De Jouwer)
keunstwurk
It Beaken
It Beaken
bysûnderheden
jier 1995
keunstner Nout Visser
materiaal stiel
plak De Jouwer
lokaasje Helmhout

It Beaken is in keunstwurk oan dit Helmhout yn de wenwyk Skipsleat op De Jouwer. It stielen byld waard yn 1995 makke troch it Nout Visser.

It mânske keunstwurk waard pleatst as ôfsluting fan de westlike útwreiding fan de wenwyk Skipsleat. It is in beaken foar de wyk Skipsleat, dêr't de strjitnammen allegear ûntliend binne oan de skipfeart. De measte nammen an Skipsleat binne skipsûnderdielen, as Kyl, Roefke en Spegel. Oan de eastkant fan de wyk ha de nammen in ferbân mei it oan- of fêstlizzen fan in boat lykas Dûkdalf en Steiger. De skipfeart wie wichtich wie foar de ûntwikkeling fan De Jouwer, de wenwyk is neamd nei it wetter de Skipsleat. It byld waard yn 1995 ûntbleate troch de destiidske wethâlders Atty Mulder en Meint Jelsma.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: