Springe nei ynhâld

Ishøj (gemeente)

Ut Wikipedy
Ishøj
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Ole Bjørstorp
sifers en geografy
haadplak Ishøj
grutste plak Ishøj
ynwennertal 22.988 (2018)
oerflak 26,15 km²
skiednis
oprjochte 1842
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ishoj.dk

Ishøj is in foarstêdgemeente fan Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.

De gemeente bestiet sûnt it begjin fan de gemeentlike yndieling yn 1842. Oan it begjin hie de gemeente de namme fan de twa parochy's Torslunde en Ishøj. De gemeentenamme Torslunde-Ishøj bleau oant 1975 bestean, fiif jier nei de gemeentlike weryndieling fan 1970. Foar dy weryndieling hearde de gemeente ta it bestjoersdistrikt Smørum Herred yn de provinsje Kopenhagen. Der hawwe in tal lytse grinskorreksjes west mei oanbuorjende gemeentes, benammen mei de gemeente Høje-Tåstrup yn de jierren 1960.

By de gemeentlike weryndieling fan 2007 wie de gemeente Ishøj te lyts, mar troch in gearwurkingsferbân mei de gemeente Vallensbæk koe de gemeente Ishøj selsstannich bliuwe. Neffens dy oerienkomst wurde guon gemeentlike taken troch Vallensbæk útfierd en oare taken troch gemeente Ishøj.

Haadstêd fan de gemeente is de stêd Ishøj. In grut part fan de befolking yn Ishøj bestiet út bewenners fan net-Westerske komôf. In grut part (likernôch 17%) is fan Turkske komôf. Dat ferklearret it grutte tal bynammen fan de stêd lykas Istanhøj

Fan de 22.988 (01.01.2018) ynwenners fan de gemeente wenje der mar 2.120 ynwenners bûten de sletten bebouwing.

Yn de gemeente stiet it Arken Museum for Moderne Kunst, dat op 20 maart 1996 troch keninginne Margrethe II iepene waard.

Nr. Tsjerklike yndieling Ynwennertal Plak Ynwennertal
1 Ishøj (parochy) 22.174 Ishøj
Ishøj Landsby
20.868
1.190
2 Torslunde (parochy) 813 Torslunde 320

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: