Iron Maiden is it debútalbum fan Iron Maiden. It album waard opnommen yn desimber 1979 yn de Kingsway studios yn Londen en waard in pear moannen letter op 14 april1980 útbrocht. It is it iennige album dêr't gitarist Dennis Stratton oan meiwurke hat. Ein 1980 ferliet er de band fanwegen ferskil yn muzikale smaak. Op lettere ferzjes fan it album waard de single Sanctuary as ekstra nûmer taheakke.