Springe nei ynhâld

Ingelske Tún (Harns)

Ut Wikipedy
De Ingelske Tún yn Harns

De Ingelske Tún yn Harns is in park dat yn 1843 op de eastpunt fan it âlde bolwurk oanlein is nei in ûntwerp fan de bekende túnarsjitekt Lucas Roodbaard. De namme is ûntliend oan de Ingelske lânskipsstyl wêryn't it park oanlein is. De oanlis fan it park wie destiids in wurkferskaffingsprojekt.

Oan de ein fan de oarloch wie it park folslein ferinnewearre. Yn 2009 waard it park renovearre. Doe wie tydlik in bunker te sjen dy't part wie fan de Atlantikwall. Dy Gefechtstand Engelsche Tuin tsjinne as Kommandopost Ferbiningen (1940-1945). It park hat noch trije geskutsbunkers (type Tobrûk).

Yn 2013 is der ta eare fan de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander in keningslinebeam plante .